Hea! De Horetha drive in show

Alde tiden komme ta libben mei de Horetha drive in show yn Rinsumageast. Yn de 70-er jierren in fenomeen yn hiel Noardeast-Fryslân, mei de dj's Alex 'Sexy Alexy' Bouma en Henk 'Henri' van Dijk. Ien kear yn't jier komme de fans fan doe, yntusken ek sechstigers, wer nei De Geast om te swingen op echte fynylplaatsjes. En de d.j.'s fan doe binne it 'opruien' noch net ferleard.