Hea: Aaisykje en fierljeppe yn Wurdum

De learlingen fan de Uniaskoalle yn Wurdum sille yn it lân fan boer Freerk de Boer aaisykje. Se moatte âlde klean en de learzens oan, want de polsstôk giet ek mei. Op alle (hurd seane) aaien stiet in nûmer, dêr't se in priis mei winne kinne... In nije Tox-bar op Skier Remmelt Mulder en Chris Wiersema hawwe de Tox-bar op Skier kocht. De jonges binne twa jier lyn ôfstudearre en dit wie in dream. Se binne drok dwaande om de boel op te knappen, want hjoed sil de Tox wer iepen. In wichtige saak, want de Tox is in begryp foar de jongelju, dy't yn 'e fakânsje nei it eilân komme...