Tetman de Vries - De tiid hâld gjin skoft (Official video)
Yn krapoan tritich jier skreau Tetman de Vries 24 stikken, fan 'De tiid hâld gjin skoft' yn 1945 oant 'Heit & Soan troch it Heitelân', (1981) 16 gelegenheidsstikken en 10 stikken yn it Nederlansk. In grut oeuvre dus fan 50 stikken, dêr't hy yn dy tritich jier mei selskippen fan wikseljende gearstalling sa'n 7500 kear in seal fol minsken mei fermakke. Fan Dokkum oant Doesburg en fan Ingelum oant Los Angeles. Mar mei al dy 49 oare stikken en al dat reizgjen, hat hy dat earste stik – 'De tiid hâld gjin skoft' – net weiskriuw en weispylje kinnen. Yn de eagen fan it grutte publyk altearst. Dat seit minder oer dy oare stikken as oer it publyk en de geast fan die tiid. Fuort nei de befrijing troch de Yanks wie dêr dy stikelstekker, dy boadskipsutelder út Bitgum, dy't 'the American dream' yn Fryslân wiermakke. It werkennen fan syn teksten en meldijen, wurd foar wurd en noat foar noat, by al dy Fryske minsken, brocht in flucht en suver magysk súkses. Hy waard wat syn namme al ûnthjitte: Tetman, man fan it folk. De griisdraaide platen fan 'De tiid hâld gjin skoft' kreakje noch geregeld troch tûzenden húskeamers. Moai dêrom dat dizze CD der is. As ûnferjitilik en ûnfergonklik dokumint foar Tetman's bewûnderjende tiidgenoaten. Mar ek foar de nije generaasjes. Want Tetman de Vries wie echt, en echt bliuwt altyd werkenber. Grif dat de tiid even skoft hâld, as jo fan de nûmers op dizze CD genietsje. (Leo Dijkstra, 1994) DE TIID HÂLD GJIN SKOFT Sjongen troch Anne, Jarich & Tetman de Vries Tekst & muziek: Tetman de Vries 1) Iepeningssang 2) Maitiidssang 3) De siedders 4) De tiid hâld gjin skoft 5) Ingetiderssang 6) Simmersang 7) Twa is in pear 8) Silen en farren 9) Simmerôfskie 10) Fiskersliet 11) Wintersang 12) De Alvestêdetocht 13) Slútsang © Erven Tetman de Vries / Plankenkoarts

Tetman de Vries - Fyftjin jier Tetman & Jarich (Official video)

de tiid haldt gjin skoft selskip tetman de vries

Het tragische leven van de 'besmette' prinses

Unbelievable Smart Worker & Hilarious Fails | Construction Compilation #1 #adamrose #smartworkers

ABBA Golden Hits: Voulez-Vous, Mamma Mia, Chiquitita, Take a Chance on Me

Leny Dijkstra De Vries & Rients Gratama

Dorus en Cor Steyn, Potpourri

The FULL VIDEO of Trump they didn’t want released

My Golden Retriever Heals a Terrified Rescue Kitten in Just 3 Meetings!

50-Year-Old Carpenter's Amazing Idea Leaves Engineers Stunned! DIY Woodworking Tools

De Tiid Hâldt Gjin Skoft, Deel 2

alde fryske ferskes fan tetman de vries

GEWEST FRYSLAN: “Hoe God verdween uit Jorwerd"

Legendary American Folk Songs 🤠 Country Classics Reimagined

Austria Drama, Messi Scores Again | FIFA World Cup 2026 Highlights | Sportschau

The Judges Didn't Think She Could Sing... But Then She Opened Her Mouth!

These animals are released into the wild for the first time

Street Kid Playing Dylan's Song with Broken Guitar—Dylan Stopped Walking and Did THIS

