Fryslân DOK: De hân oan 'e ploech en de blik foarút (diel 1)
De hân oan 'e ploech en de blik foarút diel 1 Fjirtich jier ferlyn kocht Wiepke van de Lageweg syn earste hynder. No is de VDL-stâl út Bears, dêr't ek frou Jannie, alle bern en oanhang yn meiwurkje, wrâldferneamd. Tophynders as Nimmerdor, Indoctro en Jus de Pomme makken it bedriuw grut. VDL-hynders rinne oer de hiele wrâld; fan Kuba oant Ruslân en Sina. En mei Nederlânsk kampioen 'Bubalu' meitsje sy op 'e nij kâns op dielname oan de Olympyske Spullen. Programmamakker Piter Tjeerdsma makke in twalûk oer de hynstefamylje út Bears. Yn diel 1 fan de dokumintêre wurdt Van de Lageweg folge by de grutte hynstekeuring fan it Koninklijk Warmbloed Paardenstamboek Nederland yn Den Bosch. As hynsten dêr goedkard wurde, binne sy mear jild wurdich. Ek wurde der springwedstriden hâlden yn Den Bosch. Hynders fan VDL dogge op alle ûnderdielen mei. Mei wikseljend sukses. Yn it earste diel ek omtinken foar de grutte hynstesjo dy't de famylje Van de Lageweg alle jierren yn april yn Bears op tou set. Dêr komme meastentiids sa'n trijetûzen minsken op ôf, út alle hoeken fan 'e wrâld. Yn diel 2 wurdt Wiepke van de Lageweg folge yn de deistige gong fan saken op it bedriuw. De maitiid is in drokke tiid. Op it dekstasjon wurdt sperma fongen fan 16 hynsten, 76 merjes wurde ynseminearre en yn de eigen klinyk wurdt in hynder operearre. Van de Lageweg sels is ûnderweis en besjocht in fôle fan in fokker yn Surhústerfean. Dêrneist selektearret er jonge hynsten foar Guatamala en giet er nei Holwierde. Dêr traint springruter Jur Vrieling de Nederlânsk kampioen 'Bubalu'. Dy hynst stiet op de nominaasje foar de Olympyske Spullen dizze simmer yn London. Foar mear ynformaasje oer VDL sjoch op www.kwpn.nl of www.vdlstud.nl

Fryslân DOK: De hân oan 'e ploech en de blik foarút (diel 2)

KWPN Stallion Show 2019 @ VDL Stud, the biggest KWPN stud of the world

Fryslân DOK: Frysk Bloed yn Kanada

Hoe Freddy Horion levens verwoestte in de zomer van '79

De Rondleiding bij een Palingkwekerij en -rokerij | Helmond

Fryslân Dok: It Swarte Goud - Diel 4: Rispinge

Historische Landwirtschaft: Das deutsche Warmblutpferd vor 1939 (Geschichte der Pferdezucht)

Unbelievable Smart Workers | Genius Construction Skills, Crazy Fails | Part 114 #construction #smart

Hynstekeuring finale 2017

Nederlandse Boeren verhuizen naar Duitsland en Frankrijk | RTV Oost

Fryslân DOK: It Swarte Goud - Diel 2: Yn ‘e groei

Fokker Wiepke kocht eerste paard zonder te overleggen: 'Anders gebeurt er nooit wat'

Winterwiken TV: Boeren yn Texas

Vlog #23 *OnTour* Age Okkema Stal de Mersken

10-Ton Giant Tree Cut Into Massive Slabs by One Man. 2-Meter Chainsaw Bar. No Sawmill (Full Process)

Fryslân DOK: Hoe't Metallica De Westereen op 'e kop sette

VDL STUD

Fryslân DOK: Skipperje op it Waad
![Springruiter Jur Vrieling in Boven het Maaiveld [13-4-2014] - RTV Noord](https://i.ytimg.com/vi/HdcTd5Te_YQ/hqdefault.jpg?sqp=-oaymwEjCNACELwBSFryq4qpAxUIARUAAAAAGAElAADIQj0AgKJDeAE=&rs=AOn4CLBQT2T1as4Wfge-kJP67fcN7BKr-A)
Springruiter Jur Vrieling in Boven het Maaiveld [13-4-2014] - RTV Noord

