Fryslân DOK: It grutte swijen, bern fan in NSB'er
It grutte swijen, bern fan in NSB'er De Twadde Wrâldoarloch hat net allinne grutte yndruk makke op folwoeksenen, mar ek op bern. Yn de dokumintêre It grutte swijen fertelle bern fan NSB'ers harren ûnderfinings. Oer wat de rol fan harren heit en/of mem yn de oarloch wie, mar ek hoe't sy dêr oant hjoed-de-dei noch altyd ûnder lije. Nei de oarloch waard der oer it NSB-ferline fan de âlden net mear sprutsen. Bern waarden der faak wol mei pleage, mar koene harren ferhaal nearne kwyt. Dat begjint him faak op lettere leeftiid te wreken. Traumatyske ûnderfinings, lykas de oanhâlding fan heit of it bûtensluten wurde by befrijingsfeesten, komme dan nei boppe. It liedt yn in soad gefallen ta burn-out-ferskynsels en oare psychyske problemen. Bern wrakselje mei de loyaliteit oan harren heit en mem. Yn dizze dokumintêre prate Benny Holtrop en Jaitsche Wassenaar oer it oarlochsferline fan harren heit en hoe't sy dat noch hieltyd besykje te ferwurkjen. Beide skreaunen der in boek oer. Dy iepenheid soarge foar in breuk yn de kontakten mei bruorren en susters. Foaral omdat it famyljegeheim ynienen op strjitte lei. De Stichting Werkgroep Herkenning jout al sûnt de jierren tachtich help oan bern en ek bernsbern fan NSB'ers. Bestjoerslid Jeanne Diele fertelt yn de dokumintêre hoe't der noch altyd in grut taboe rêst op it ûnderwerp. Sjoernalist en histoarikus Jack Kooistra jout in antwurd op de fraach wêrom't de NSB anno 2013 noch hieltyd grutte wrok opropt yn de maatskippij. Itjinge ek wer trochwurket op de bern fan NSB'ers. Stichting Werkgroep Herkenning is in frijwilligersorganisaasje dy't yn 1981 ûntstien is om help te jaan oan (berns)bern fan dy minsken dy't yn de jierren 1940-1945 oan de kant fan de besetter stienen, of de besetter wienen (bern fan Dútske militêren). Dy (berns)bern kinne oant hjoed-de-dei swierrichheden ûnderfine yn harren persoanlike en/of maatskiplike libben as gefolch fan dy eftergrûn. Dy swierrichheden hawwe te krijen mei ûnderfinings dy't yn of nei de oarloch opdien binne. Dy hâlde ferbân mei de (al as net politike) kar fan de âlden of pake's en beppe's en mei de loyaliteits- en identiteitsproblematyk dy't dêr it gefolch fan wêze kin. Benny Holtrop hat oer syn oerlochsjierren in boek skreaun: 'In appel foar ûnderweis'. It oarlochsboek fan Jaitsche Wassenaar hjit 'It pak fan myn heit'. Mear ynformaasje oer de wurkgroep herkenning is te finen op www.werkgroepherkenning.nl. De wurkgroep is telefoanysk te berikken op de helpline 06- 33057003.

'Op transport nei it noarden’ | FRYSLANDOK

Hoe Freddy Horion levens verwoestte in de zomer van '79

FRYSLAN DOK: Een koffer vol oorlogsgeheimen

Oorlog op locatie: Marum | ANDERE TIJDEN

Eén van de dodelijkste vissersrampen uit de Nederlandse geschiedenis

Friesland tijdens de Tweede Wereldoorlog (NL)

Documentaire: The Men of Maple Leaf

Hoe deze Friese dorpen Joden verborgen in Tweede Wereldoorlog

The 'Norwegian NSB': the National Collection of Vidkun Quisling

De slag om de afsluitdijk (The Battle of the Afsluitdijk)

Portretten van vrouwen in verzet - Greta Tak-Bosboom

Geert was in de oorlog lid van de knokploegen: 'We zijn er zo ingerold' | Nostalgie | RTV Drenthe

Tito: Der Mann, der Jugoslawien war | Doku HD | ARTE

OP DE BODEM VAN DE ZEE | de Zuiderzee, de Afsluitdijk & de polders

FRYSLÂNDOK: De oarloch fan heit en mem

Fryslân DOK: Under fjoer, 3 jier nei de brân op de Kelders

Verzetsvrouw Freddie bezorgde verzetskrantjes en vermoorde verraders in de WOII

FRYSLAN DOK: Dit is ús taal

Hoe het verzet verraders vermoordde | ANDERE TIJDEN
![Verleden van Groningen (4/8) [5-11-2008] - RTV Noord](https://i.ytimg.com/vi/IBjkc3vHA0A/hqdefault.jpg?sqp=-oaymwEjCNACELwBSFryq4qpAxUIARUAAAAAGAElAADIQj0AgKJDeAE=&rs=AOn4CLDHGznGL5cYryJbYk70O-KaCcN7IQ)
