Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (diel 3)
Nei oanlieding fan 70 jier befrijing wurdt de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ útstjoerd. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. Yn dizze tredde ôflevering stiet de Arbeidseinsatz sintraal. Tûzenen Friesen reizgen ûnder twang ôf nei Dútslân om dêr mei namme yn de oalochsyndrustie te wurkjen. De mannen dy’t dy’t dit oerlibben waarden mei de nekke oansjoen by weromkomst. Fryslân DOK dûkt yn de ferhalen fan dy mannen. Johannes van der Heide hie gjin wurk yn 1941 en it arbeidsburo stoppe syn útkearing om’t hy wegere om nei Dútslân te gean. Lykas sa’n tsientûzend oare Fryske mannen, waard hy oproppen foar de Arbeidseinsatz. Dútslân hie grut ferlet oan arbeidskrêften om’t de Dútske mannen massaal ynset waarden oan it front. Van der Heide beslút om foar syn húshâlding soargje te kinne dochs nei Dútslân te gean mei de ferwachting om yn trije moanne wêr wêrom te wêzen. Hy rekket ferwûne oan it ein fan ‘e oarloch by in bombardemint en ferstjert nei in lang siikbêd. Nei de oarloch wurdt syn dochter Femke der meardere kearen op wêzen dat har heit ‘frijwillich’ nei Dútslân gongen wie en dat it dêrom syn eigen skuld wie dat hy it net oerlibbe hat. Femke swijt har heit jierren dea, oant se briefkerij tusken har heit en mem út de oarlochstiid kriget. Hjirnei skriuwt se in boek oer har heit: ‘’Doe’t dat boek ôf wie, hie ik einlik wer in heit. En hy in dochter.’’ Fierder de ferhalen fan Ale Brouwer (93) en Evert Heeg (90). Beide mannen reizgen op jonge leeftiid nei Dútslân ôf en moasten dêr ferplicht wurkjen. Heeg hie gelok en mocht mei ferlof wêrnei hy ûnderdûkte. Brouwer kearde úteinlik pas nei de befrijing werom en wie trochgeand 3,5 jier yn Dútslân. Hy mocht oan it wurk by in bakker en waard opnommen yn in húshâlding dat neat fan it nazisme ha moast. Hjoeddeisk binne der noch hieltyd kontakten mei de Dútske famylje wêr hy syn oarlochsjierren trochbrocht hat.

Oorlog op locatie: Marum | ANDERE TIJDEN

Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (diel 5)

Bonifatius maakte Dokkum beroemd door zijn boek en wat water

Waarom je deze huurlingen overal ziet

Na de bevrijding van Assen keert Jenny als een van de weinigen terug |In het Spoor van de Bevrijders

De slag om de afsluitdijk (The Battle of the Afsluitdijk)

Tito: Der Mann, der Jugoslawien war | Doku HD | ARTE

Memorable auditions from the BIGGEST SINGERS! | Britain's Got Talent

Eén van de dodelijkste vissersrampen uit de Nederlandse geschiedenis

The Burschenschaft Days: Breeding Ground for the New Right | SPIEGEL TV

35 jaar De Kast | FRYSLANDOK

Poolse soldaten doen na bevrijding Coevorden bijzondere ontdekking | In het Spoor van de Bevrijders

Trump im Umfragetief | Überteuerte WM-Tickets | FDP-Comeback? | heute-show vom 05.06.2026

Fryslân DOK: Faderpaard

Catching Fish with a Simple Fishing Rod and Cooking a Delicious Family Meal!

Richard Boone Tracks the Frontier | Family Western Movie 🎬Full Movie HD

Hennie van der Most: 'Ik voel me zó genaaid door de gemeente Rotterdam'
![Verleden van Groningen (4/8) [5-11-2008] - RTV Noord](https://i.ytimg.com/vi/IBjkc3vHA0A/hqdefault.jpg?sqp=-oaymwEnCNACELwBSFryq4qpAxkIARUAAAAAGAElAADIQj0AgKJDeAG4AvMY&rs=AOn4CLB2KJXZ4zuwX3rqMNoWeFibOfTYfw&usqp=CCY)
Verleden van Groningen (4/8) [5-11-2008] - RTV Noord

Kult Karosse Karmann I Unsere Geschichte | NDR Doku

