K-rûte: opnames foar Fryske Cash yn folle gong

De Amerikaanske gospel- en countrysanger/gitarist Johnny Cash (1932 - 2003) is noch altiten in grutte held foar in soad minsken. Sa ek foar Jacco de Boer en Klaas Land. Op in terraske seagen se dat sy beide Cash tatoeaazjes hawwe. Al pratende ûntstie it idee foar in Frysk Cash projekt. Klaas en Jacco sochten beiden harren moaiste Cash nûmmers út en fregen dêr harren favorite Fryske artysten by om se op mp3, cd én finyl op te nimmen. No is it in ûndernimming dêr't goed 40 artysten oan meidogge, in hiele ploech oersetters mei oan it wurk west hat, steane der al seis optredens pland en wurde de opnamen live út de studio wei toand op temasite www.omroplive.nl fan Omrop Fryslân. De K-rûte sil sneon 7 maaie sjen by de opnamen fan Foppe Land en Alle, Johanna en Wobke Hamstra. Neffens Jacco ''de sigeuners fan de Wâlden''. Sy nimme it nûmer Ferlossing/Redemption op.